Atsma wol útspraak Verburg

Twadde Keamerlid Joop Atsma (foto Martin de Jong)
Minister Verburg fan LNV moat har útsprekke tsjin it ferbod op aaisykjen yn gebieten fan it Fryske Gea. Dat fine de Fryske keamerleden Joop Atsma (CDA) en Lutz Jacobi (PvdA). Sy stelle tegearre keamerfragen oan Verburg
Sy binne benaud dat tsjinstanners fan it aaisykjen de arguminten fan it Fryske Gea oernimme om it aaisykjen rûnom te ferbieden. Minister Verburg fan LNV wie altyd foar it aaisykjen. Atsma en Jacobi hoopje dat se soks nochris mei klam sizze wol.