Plysje hâldt potleadfinter oan

30 des 2009 - 10:12

In Ljouwerter (42) is tiisdei troch de plysje oanhâlden foar potleadfinten. De man soe al moannen aktyf west ha yn hiel Fryslân. De ôfrûne moannen hawwe fjirtjin minsken oanjefte dien en der kamen nochris tsientallen meldingen by de plysje binnen.

De man sette syn wite bestelbus of blauwe persoanenauto lâns de kant fan de dyk en liet dan syn spultsje sjen oan famkes of froulju dy't foarby kamen. Doe't er dit koartlyn yn Sint Anne die kaam de plysje him op it spoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)