Remise Jan Werle tsjin Nizjnik

Jan Werle: remise tsjin koprinner Nizjnik
Skaker Jan Werle is tiisdei by it Grinzer skaakfestival net fierder kaam as remise yn it duel tsjin koprinner Ilja Nizjnik út Oekraïne. By winst hie er it earste plak oernimme kinnen fan Nizjnik. No stiet hy mei noch twa skakers op it twadde plak. De achterstân op Nizjnik is in heal punt.
Werle moat woansdei yn de lêste ronde winne om noch in kâns te meitsjen op de earste priis fan 2500 euro. Skaker Daan Brandenburg út Drachten stiet op in dield tredde plak.