Gjin grutte problemen snie

De rotonde fan de Grinzerstrjitwei en de Noarderwei yn Ljouwert (foto De Groot, Frjentsjer)
It winterse waar soarget noch net foar in soad problemen op de Fryske diken. Neffens de plysje binne de diken oer it generaal goed te beriden, mar kin it troch de sniefal op guon plakken dochs glêd wêze. By Akkrum, Haskerdiken en De Rottevalle binne auto's neist de dyk rekke, mar de skea falt ta.
Struiauto's binne de hiele nacht op 'en paad west en dat hat neffens Rykswettersteat fertuten dien. Wol is it advys om de snelheid oan te passen.