Minne Dijkstra riddere

Minne Dijkstra yn syn funksje as PC-foarsitter
Minne Dijkstra fan Frjentsjer is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Tiisdei krige hy de keninklike ûnderskieding útrikt fan boargemaster Marian Haveman. Dat barde by syn ôfskie as direkteur fan Koopmans Moalfabriken yn Ljouwert.
Dijkstra is ek foarsitter fan de PC. Troch sykte moat er mei syn wurk en syn maatskiplike funksjes ophâlde. Hy hie ek bestjoersfunksjes yn it ûnderwiis, by de Rabobank en de Leeuwarder Onderlinge Verzekeringen.