Tal klanten De Friesland gelyk

It tal minsken dat in soarchfesekering hat by De Friesland is sawat gelyk bleaun. Oant 1 jannewaris kin elkenien oerstappe nei in oare fersekerder. Lanlik docht 5 prosint dat, mar by De Friesland leit dat persintaazje op 3 prosint. De Fryske fersekerder hat likefolle klanten ferlern as der nij bykaam binne.
Ferline jier melden har noch 3000 nije klanten by De Friesland. Opfallend is dat in soad fan de nije klanten earder ek alris by De Friesland fersekere wie.