Mooglik minder aaien yn winkel

Skarrelaaien no ek ferplichte yn Dútslân
De kommende tiid lizze der mooglik minder aaien yn de winkel. Dat komt omdat Dútske bedriuwen mar dreech omskeakelje kinne fan lisbatterijen nei skarrelaaien.
Fan 2012 ôf binne lisbatterijen ferbean. Dútske bedriuwen ymportearje dêrom de lêste tiid in soad aaien út Nederlân en wat mear aaien nei Dútslân geane, wat minder hjir nei de supermerken ta kinne. Frisian Egg yn Drachten levert skarrelaaien oan ûnder oaren supermerken en bakkerijen.