Friezen hechtsje oan Fryslân

Friezen binne hiel tefreden oer it wenjen yn har eigen provinsje. Se binne mei de Sieuwen en de minsken út Oerisel it meast honkfêst. Goed 35 prosint jout oan net bûten de provinsjegrinzen wenje te wollen, ek al soe dat wol kinne kwa wurk en jild.
Fryslân is net hiel populêr by de rest fan Nederlân. De provinsje stiet op in achtste plak fan populêre provinsjes om hinne te ferhúzjen. Vereniging Eigen Huis seach wêr't minsken wenje wolle as jild en wurk gjin rol spylje.