Mishanneling op 'e Lemmer

29 des 2009 - 10:58

In 16-jierrige jonge út De Lemmer is moandei oppakt fanwege belutsenheid by de mishanneling fan in 22-jierrige plakgenoat. De man wie earder dy jûn by it gemeentehûs yn elkoar slein troch in tal persoanen.

In tsjûge koe ien fan de dieders en hat dat trochjûn oan de plysje. Dy hat de jonge fan 16 thús ophelle en meinaam nei it buro. Dêr sit er noch fêst. De plysje is noch op syk nei oare dieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)