Rydbewiis ynnaam fan hurdrider

29 des 2009 - 10:23

De plysje hat moandei by Holwert it rydbewiis fan in 22-jierrige ynwenner fan Kollumerpomp yn beslach naam. De man ried op de Ternaarderdyk hast twa kear sa hurd as tastien is.

Op de dyk mei 80 kilometer yn 'e oere riden wurde. De Kollumerpompster waard trappearre mei in snelheid fan 153 kilometer. De man hat ek in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)