Yllegaal fjoerwurk fûn

29 des 2009 - 09:58

De plysje hat by twa jonge ynwenners fan Drachten yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. By in 19-jierrige jonge waarden 256 nitraatbommen en 9 lawinepylken fûn. By in 17-jierrige Drachtster fûn de plysje 38 nitraatbommen.

By in jonge fan 18 yn Ljouwert waard ek yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. Hy hie 57 nitraatbommen, 405 bermuda's en 8 flinterbommen. De plysje sil it fjoerwurk ferneatigje. Tsjin de trije jonges is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)