Liftwedstryd nei Skotlân

Tsien teams fan twa persoanen binne tiisdeitemoarn út Wommels wei begûn oan in liftwedstryd. Doel is om sa gau mooglik op de tomme yn it plakje Stirling yn it midden fan Skotlân oan te kommen. De liftwedstryd is yn 2002 as grap betocht yn in kroech. De ôfrûne jierren hawwe de dielnimmers al ferskate lannen oandien.
Der waard altyd start op 1 jannewaris. Dêr is dit jier fan ôfstapt omdat de fakânsje al op 4 jannewaris ôfrûn is. Der is dan te min tiid om te reizgjen.