Fûgelwacht Snits ferliest saak

Van der Valk kin bouwe yn Snits
De fûgelwacht yn Snits hat twa rjochtsaken tsjin de bou fan in Van der Valk Hotel ferlern. Neffens de fûgelwacht hiene gemeente en Ryk net genôch rekken hâlden mei de natoer by it ferlienen fan de fergunnings foar de bou. Benammen de flearmûzen yn natoergebiet de Wite en Swarte Brekken soene yn de knipe komme.
De rjochter is it dêr net mei iens. Ryk en gemeente hawwe neffens de rjochter genôch ûndersyk dien nei de gefolgen fan de bou.