Betizing troch reklame Gamma

30 mrt 2012 - 11:03

In folder fan boumerk Gamma soarget foar in soad betizing. It struibrief liket op in brief fan 'e gemeente, wêryn't oankundige wurdt dat der strang kontrolearre wurdt op it oanbieden fan 'grof smoargens'.

De gemeente soe rekken hâlde mei in soad ôfdankte tegels, ruten en flieren. It gemeentelogo liket echt, mar as je goed oplette docht bliken dat it in reklamefolder fan de boumerk is. Ferskate gemeenten warskôgje foar misliedende reklame. Under mear Súdwest-Fryslân en Smellingerlân dogge dat.

Trefwurden: 
reklame Gamma betizing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)