Fjoerwurkferkeap rint goed

De bunker fan de Vuurwerkgigant yn Frjentsjer
De ekonomyske krisis hat gjin ynfloed op de ferkeap fan fjoerwurk, want der wurdt dit jier wer mear jild oan útjûn. Ek it tal minsken dat fjoerwurk keapet nimt ta, seit Brouwer fan de Vuurwerkgigant yn Frjentsjer. De Vuurwerkgigant is ien fan de grutste ferkeapers fan Fryslân en leveret oan klanten yn hiel Noard-Nederlân.
De ôfrûne jierren naam de ferkeap alle kearen ta en op basis fan de bestellingen liket der ek dit jier groei yn te sitten.