Dolfinen oanspield op Amelân

De dolfyn op it Amelanner strân (foto Jan Spoelstra)
Op de eastpunt fan It Amelân binne sneintemoarn twa dolfinen oanspield. It giet om in mem en in jong fan sa'n oardel meter lingte. It jong wie al dea doe't de bisten fûn waarden, de mem libbe noch wol, mar hat it net helle. De mem hat it jong nei alle gedachten folge doe't it yn problemen rekke yn ûndjip wetter.
In meiwurker fan it natoermuseum fûn de bisten wylst er nei in oare melding ûnderweis wie: fan in deade brúnfisk dy't op it strân fûn wie.