Ernst ferliest fan Nizjnik

Sipke Ernst
Yn de sechde rûnde fan it Grinzer skaakfestival hat de Fryske skaker Sipke Ernst snein syn partij fan de Oekraïner Ilja Nizjnik ferlern. Nizjnik kaam troch dizze winst op it earste plak yn it klassemint, in posysje dy't er diele moat mei Dimitri Reinderman.
Jan Werle kaam yn syn partij tsjin de Israeliër Greenfeld net fierder as remise. Werle hat no 4,5 punt en stiet no mei in hiele searje oare skakers op in heal punt fan de listoanfierders.