H'fean:9 jonge fandalen oppakt

Njoggen jonges fan It Hearrenfean binne oanhâlden foar fernielerij. De jonges binne tusken 13 en 17 jier âld en komme út de wyk De Greiden. Se fernielden de ôfrûne tiid fytsen, lantearnepeallen, in skelter en in trampoline. Ek blaasden se mei fjoerwurk in brievebus op en stutsen se âld papier yn konteners oan.
Foaral in wenfoarm foar minsken mei in ferstanlike beheining wie mikpunt fan pesterij en fernielings. Dêr waarden aaien tsjin de gevel smiten.