Bob de Jong wint 5000 meter

27 des 2009 - 16:56

Bob de Jong is nei Sven Kramer de twadde reedrider foar Nederlân dy't útkomme sil op de 5000 meter by de Olympyske Spelen yn Vancouver. Op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf sette De Jong de winnende 6.14,12 op de klokken. Carl Verheijen moast yn in rjochtstreeks duel belies jaan en kaam út op 6.15,70.

Bob de Vries fan De Haule kaam troch sykte net yn aksje. Op it twadde kwalifikaasjetoernoai, ein jannewaris, is noch ien startbewiis te fertsjinjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)