Stroomsteuring op It Fean

Yn wenwyk De Greiden op It Hearrenfean hat snein fan 05:45 oant 12.00 oere in stroomsteuring west. Om 06.00 oere kaam de earste melding binnen by enerzjy-netwurkbedriuw Liander. Tsjin 08.00 kamen der mear telefoantsjes, wêrnei't der in monteur op paad gong.
It die bliken dat der in kabelsteuring wie op de Ratelaar te hichte fan nûmer 55. De steuring waard gau ferholpen. Sa'n 50 klanten fan de Ratelaar, de Egelskop en it Blauwgras ha sûnder stroom sitten.