Plattegrûn fernield yn Heech

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein fjouwer ynwenners fan Drylts fan 18, 18, 19 en 20 jier oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging tsjin guod. In tsjûge hie sjoen dat se in plattegrûn by it bungalowpark de Pharshoeke yn Heech fernielden.
Fuortdaliks waard fia 1-1-2 de plysje warskôge. De plysjes wiene gau op it plak en koene twa fan de fjouwer jongeren oanhâlde. Twa fan har gongen naaiden út, mar ek dit duo koe letter dy nacht oanholden wurde.