Oanholden nei stekpartij

In 27-jierrige ynwenner fan Reduzum is yn de nacht fan sneon op snein oanholden troch de plysje yn de D.S. Bangmastrjitte yn syn wenplak. Dat wie nei oanlieding fan in stekynsidint.
De man hie earder dy jûn yn in wenning yn dy strjitte spul krigen mei in 37-jierrige plakgenoat. De 27-jierrige hie dêrby it slachtoffer in tal kearen stutsen mei in mes. In omstanner grypte yn en koe sa slimmer foarkomme. De 37-jierrige waard mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.