Twa ferwûnen op Oostergowei

30 mrt 2012 - 10:46

By in oanriding op De Oostergowei yn Ljouwert binne tongersdeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. It ûngelok waard feroarsake troch in man út Sint Anne, dy't te ticht op de auto foar him ried. Doe't er der efkes net goed om tocht, botste er dêr boppe op. De bestjoerster fan dy auto ried dêrtroch tsjin de auto dy't foar har ried.

De frou en har passazjier kamen fêst te sitten yn de auto. De brânwacht hat har derút helle. Beide slachtoffers binne nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. It ferkear hat in soad lêst hân fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Oostergowei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)