Miniatueredei yn Earnewâld

Earnewâld
De organisaasje fan de miniatueredei yn Earnewâld ferwachtet snein hûnderten besikers op de twadde edysje fan it evenemint. Yn it Fryske Lânboumuseum litte standhâlders fan alles sjen op it mêd fan trein-, auto- en lânbouminiatueren.
Leafhawwers kinne ek fan alles keapje, fan lytse treintsjes oant ûnderdielen en ark ta. Der is ek in film te sjen oer miniatuerebou. Spesjale attraksje dit jier is in acht meter lang model fan in wurkjende terskmasine.