Stimme Fryske Top 100 dien

27 des 2009 - 12:08

Goed 11.500 minsken hawwe de ôfrûne wiken har stim útbrocht foar de Fryske Top 100 fan dit jier. Dat binne der krekt wat minder as ferline jier. Dat komt nei alle gedachten omdat de perioade wêryn't stimd wurde koe koarter wie as ferline jier.

Twadde krystdei koe foar it lêst stimd wurde. De kommende dagen wurdt oan de hân fan de útbrochte stimmen de list mei hûndert favorite platen gearstald. Dy is neffens tradysje âldjiersdei by Omrop Fryslân te hearren en te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)