Trein docht stasjon Thialf oan

27 des 2009 - 10:14

De NS docht de kommende dagen it treinstasjon by Thialf op It Hearrenfean oan. Dat is omdat yn it iisstadion kwalifikaasjewedstriden foar de Olympyske Spelen hâlden wurde.

De wedstriden begjinne snein en duorje oant en mei woansdei. De NS lit de intercity-treinen foarôfgeand en nei ôfrin fan de wedstriden by it stasjon stopje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)