Nije winterske perioade

26 des 2009 - 14:24

Der komt op 'e nij in winterske perioade oan. Dat seit waarman Pyt Paulusma. Sneon en snein is it teiwaar en sil de snie op guon plakken folslein ferdwine. Mar fan tiisdei ôf falt der nije snie. Oant en mei de jierwiksel sil it nachts ek frieze.

Hoefolle snie der falle sil is noch net dúdlik. Sûnt ferline wike tongersdei is Fryslân al yn de besnijing fan de snie. Troch de glêdens binne al tsientallen ûngelokken bard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)