CV's stellen út nijbouwenten
Ut twa huzen yn oanbou yn Drachten binne de cv-tsjettels stellen. De wenten wurde boud yn in nijbouplan Park Suijderwijk. Neffens de plysje binne de tsjettels fakkundich demontearre.
Der moat op krystjûn of yn de krystnacht ynbrutsen wêze. De eigners fan de nijbouwenten hawwe oanjefte dien. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei de stellerij.