Wind klaimt skea foar bouplan

26 des 2009 - 09:30

Projektûntwikkeler Wind Groep easket skeafergoeding fan de gemeente Lemsterlân om't se de kommende jierren net bouwe meie yn it plan Tramdyk Noard. De gemeenteried jout it bouplan, Tramdyk East, op oangrinzjende grûn foarrang.

Dat gebiet is fan de gemeente sels en der wurde safolle huzen boud dat der yn els gefal oant 2016 gjin kontingint mear is foar wenningbou op it stik grûn fan de Wind Groep. Dy rint dertroch miljoenen ferlies op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)