Plysje hâldt 21 dealers oan

© Omrop Fryslân
It drugsoerlêstteam fan de plysje yn Ljouwert hat de ôfrûne moannen 21 harddrugsdealers oanhâlden. Fjouwer fertochten sitte noch fêst. De oare dealers binne yntusken feroardiele.
Ien fan har moat ek hast twa ton werom betelje oan de steat, omdat er dat jild fertsjinne hat mei syn drugshannel, wylst er in útkearing hie. Ek oare fertochten moatte jild werombetelje, omdat se in útkearing krigen. Mei-inoar giet it om 47.000 euro. Fierder waarden twa fertochten oppakt dy't fanút in hûs oan de Jacob Binckesstrjitte dealden.
Omdat dat foar in soad oerlêst soarge, wurdt no besocht de bewenner fan it hûs út syn wente te setten.