Reinderman wint fan Werle

Jan Werle
Op it skaakfestival fan Grins hat Dimitri Reinderman de lieding pakt troch te winnen fan de Fryske skaker Jan Werle. Reinderman en Werle spilen beide fol op de oanfal, en Reinderman luts oan de langste ein. Sipke Ernst wûn syn partij fan Roeland Pruijssers.
Ernst en Werle steane no op in dield fjirde plak mei 3 punten út fjouwer spylronden. Reinderman hat mei 4 punten noch de folle winst. Earste krystdei is in rêstdei yn Grins.