Gjin krystsang op krystmoarn

24 des 2009 - 17:39

It bestjoer fan de Snitser Harmonie hat besluten dat de tradisjonele krystsang op krystmoarn net trochgiet fanwege de minne waarsferwachting.

De fanfare fan de Harmonie giet alle jierren fersoargingstehuzen en it sikehûs by del. Hûnderten sjongers dogge mei oan de konserten. Foar it earst yn tachtich jier giet de krystsang net troch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)