Oplichter 'thússoarch' aktyf

De plysje warskôget foar in man dy't tongersdei besiket âldere minsken op te lichten. De man seit dat hy fan de thússoarch is en dat de minsken jild werom krije. Hy hat derfoar wol it bankpaske en de koade nedich.
In man yn Snits joech wol it paske, mar net de koade. By in frou op It Hearrenfean slagge it de man wol om en it paske en de koade te pakken te krijen. Der is fuortendaliks in grut bedrach fan de rekken helle.