Ton foar berneprojekt Ljouwert

24 des 2009 - 12:23

It berneprojekt fan Sinne Wolwêzen yn de Ljouwerter Frijheidswyk wurdt troch twa organisaasjes finansjeel stipe mei 100.000 euro. It Oranjefonds en de Friesland Bank komme beide mei in bydrage fan 50.000 euro. It projekt begjint yn 2010. Bern fan de basisskoallen kinne meidwaan oan allerhande aktiviteiten.

Mocht it projekt in sukses wurde, dan bliuwe de Friesland Bank en it Oranjefonds it projekt fierder stypjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)