Yllegaal fjoerwurk Haulerwyk

Yn Haulerwyk waarden trije minsken oanholden
De plysje hat woansdei trije minsken mei yllegaal fjoerwurk oanhâlden. Twa jonges út Haulerwyk fan 14 en 16 jier waarden pakt mei strikers, fjoerpylken en sânklappers. Neffens in tsjûge hie de 16-jierrige jongen it fjoerwurk ferkocht oan de 14-jierrige.
In 20 jierrige man út Sint Jabik waard oanhâlden mei in doaske nitraatbommen. De man soarge foar in soad oerlêst mei syn knallen. De plysje hat oant no ta 800 kilo fjoerwurk yn beslach naam en ferneatige.