Plysje siket DNA-materiaal

24 des 2009 - 10:38

Minsken dy't harren DNA-materiaal net ôfstien ha, kinne mei de krystdagen de plysje thús ferwachtsje. Yn Fryslân binne 480 feroardielden útnoege om harren DNA ôf te stean. Dêrfan binne 188 net opdaagjen kaam. De helte is oanhâlden. De lêste groep fan 92 feroardielden krijt dizze dagen besite fan de plysje.

Sûnt 2005 moatte minsken, dy't feroardield binne foar in selstraf fan mear as 4 jier, harren DNA ôfstean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)