Sportpas foar Ljouwerter bern

Ljouwerter skoalbern waarden woansdei foar it earst yn de gelegenheid steld in sportpas te heljen. Ljouwert rint mei dit inisjatyf foarop yn Nederlân. Mei de sportpas kinne de bern punten sparje as se sporte. Mei de punten krije se bygelyks koarting op tagongskaartsjes foar it swimbad.
Sa'n 900 bern út de groepen 6 oant en mei 8 fan de basisskoallen yn de Vrijheidswyk, Oud Oost, Achter de Hoven, Heechterp-Schieringen en Camminghaburen kinne de pas oanfreegje.