Feyenoord mooglik nei It Fean

As de Sportklup Hearrenfean de útstelde bekerwedstriid op sneon 16 jannewaris 2010 tsjin PSV winnend ôfslút, dan wachtet yn it Abe Lenstra stadion yn de kwartfinale Feyenoord. Dat wie de útkomst fan de lotting foar de lêste acht ploegen dy't noch yn de striid binne om de KNVB-beker.
Feyenoord wûn tiisdei mei 1-0 fan lânskampioen AZ. De oare wedstriden yn de kwartfinale binne: NAC Breda-Go Ahead Eagles, Sparta Rotterdam-FC Twente en Ajax-NEC.