Provinsje net bliid mei Fr.Gea

Deputearre Konst is net bliid mei it beslút fan It Fryske Gea
De provinsje is net bliid mei it beslút fan it Fryske Gea om it aaisykjen yn har gebiet te ferbieden. It Gea, it BFVW en de provinsje gongen skouder oan skouder de striid oan tsjin it ferbod op it aaisykjen. De natoerorganisaasje komt no ta de konklúzje dat it min giet mei de greidefûgels en tinkt net dat it aaisykjen dat ferbetteret.
Deputearre Hans Konst sjocht it beslút as in barst yn de striid om de Fryske tradysje te behâlden