Fakbûnen yn aksje foar Philips

It fakbûn docht der alles oan de minsken oan it wurk te hâlden
De sluting fan it distribúsjesintrum fan Philips yn Drachten mei net liede ta twongen ûntslaggen. Dat is it boadskip fan fakbûn FNV oan direksje en personiel. Sa'n 30 personielsleden kamen woansdei byelkoar.
Philips ferpleatst it wurk nei in sintrum by Eindhoven. Fiifenfjirtich meiwurkers ferlieze hjirtroch har wurk. De fakbûnen besykje safolle mooglik minsken by oare Philipsûnderdielen oan it wurk te helpen.