Snie kostet winkels omset

Ek by supermerken wurdt noch in soad ynkocht
De snie kostet de winkels in soad jild. Yn Snits binne de winkellju miljoenen euro's oan omset misrûn, om't de minsken thúsbliuwe. De ûndernimmersferiening hat in leanbedriuw ynset om de winkelstrjitten sniefrij te krijen.
Guon bedriuwen ha op de earste sniedei 90 prosint minder omset draaid. Dat moat dizze dagen noch goedmakke wurde. Dizze tiid fan it jier is oars altyd de drokste tiid fan it jier, mar it winterwaar is spulbrekker.