Fryske Gea ferbiedt aaisykjen

It Fryske Gea lit mei yngong fan takom jier gjin aaisikers mear ta yn syn 17 natuergebieten. Fan 1997 ôf besjocht It Fryske Gea om de trije jier oft it ferantwurde is om aaisikers ta te litten. Oant no ta waard it belied fan it Ryk en de provinsje folge, mar no wurdt it aaisykjen ferbean.
De reden is de minne stân fan de greidefûgels oer it generaal en dy fan de skries yn it bysûnder. It Fryske Gea wol dat it fan 1 maart ôf rêstich is yn it fjild.