Drokte by TNT post

23 des 2009 - 14:54

De postsortearsintra fan TNT ha it smoardrok. Allinnich yn Ljouwert al wurde woansdei mear as fiifhunderttûzen poststikken ferwurke. Nei alle gedachten wurde kaarten dy't woansdei ferstjoerd wurde net mear foar de krystdagen besoarge.

TNT-post hat dizze dagen tsientallen ekstra minsken oan it wurk. Neist de gewoane post wurde ek mear pakjes ferstjoerd. Dat komt troch de ekstra drokte by de thúswinkels op ynternet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)