TV-searje oer húsdokter Flylân

23 des 2009 - 12:16

Akteur, regisseur en skriuwer Edwin de Vries komt mei in televyzjesearje oer de Flylanner húsdokter John Deen. Monique van de Ven, de frou fan De Vries, sil de haadrol spylje. De Vries en Van der Ven wenje in grut part fan it jier op it eilân.

De Vries kaam op it idee om't er sels ek pasjint by him wie. Deen hâlde yn 2004 op mei de praktyk. Der binne al in pear ôfleverings skreaun. Der wurdt no ûnderhannele mei in televyzjestjoerder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)