Aksjedriging by Frisia sâlt

By Frisia Zout yn Harns driigje aksjes. De fakbûnen wolle in leansferheging fan 1,5 prosint, mar it bedriuw wol mar 1 prosint jaan. Neffens Frisia hat it bedriuw lêst fan de krisis en draaide it ôfrûne jier mei ferlies. De fakbûnen bestride dat. Memmebedriuw Esco soe winst makke ha.
As de partijen der woansdei net útkomme, giet de sâltkraan mooglik ticht. De provinsje hellet dêr it struisâlt wei. Dan kin der gjin sâlt mear op de diken útriden wurde.