Gjin Hearrenfean-PSV

De bekerwedstryd fan SC Hearrenfean tsjin PSV giet woansdei net troch. De KNVB hat dat yn oerlis mei de beide klups, de gemeente Hearrenfean en de brânwacht besletten. It fuotbalbûn doart it net oan. De snie en it iis op it dak kin gefaarlik wêze foar de spilers en it publyk.
De brânwacht krijt de snie en it iis net fuort en mei it teiwaar bestiet de kâns dat der wat nei ûnderen falt. Wannear't de wedstryd ynhelle wurdt, is noch net bekend.