Trochstart Boelens Glas

23 des 2009 - 08:59

Boelens Glas makket in trochstart. It Ljouwerter bedriuw giet yn ôfslanke foarm fierder. Dertroch behâldt sawat de helte fan de 23 meiwurkers syn baan. Fan no ôf wurket it bedriuw út twa lytsere sintra yn Ljouwert en Grins wei. De oarderportefúlje sit goed fol, dêrom tinkt it bedriuw yn 2010 wer winst meitsje te kinnen.

It bedriuw waard yn novimber fallyt ferklearre om't it in soad lêst hie fan de krisis yn de bouwrâld. It bedriuw wurket ek foar Nieuw Zaailand.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)