Wetterpeil Iselmar omheech

Wetterpeil Iselmar giet omheech
It peil fan de Iselmar giet op koarte termyn omheech. Net de oardel meter dêr't earder in kommisje ûnder lieding fan âld minister Cees Veerman foar pleite, want dêroer falt pas yn 2015 in beslút. Oant dy tiid wol steatssekretaris Tineke Huizinga fan Ferkear en Wettersteat de romte brûke dy't no al yn it wettersysteem sit.
Dat stiet yn it earste Nasjonale Wetterplan dat dizze wike nei de Twadde Keamer stjoerd is.