LPG ûntsnapt út gastank auto

22 des 2009 - 17:23

By de Totalpomp oan de Stellingenweg yn Wolvegea is tiisdei in wolk LPG ûntkaam út de gastank fan in auto. De eigner hie de auto krekt fol tankt, doe't de dop net goed mear ticht gie. It gas spuite derút.

De man warskôge it personiel, dat de brânwacht alarmearre. Dy hat de auto wiet spuite oant it gas oplost wie. In gelok dêrby wie de hurde wyn, wertroch't it gas fuortwaaide. De auto is fuortsleept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)