Lekkerij troch teiwaar

Ynte Kuindersma seaget in reinpiip troch
De oerlêst troch de snie is noch net iens oer of der is al wer oerlêst troch it teiwaar. De snie op de dakken begjint te teien, mar it wetter kin net fuort. En dat soarget foar lekkaazje. Wenningstifingen krije in soad telefoantjes fan hierders mei klachten oer lekkerij. Wenningstifing Accolade krige moandei al 400.
Dakgoaten en reinpipen frijmeitsje falt net ta mei dat iis. Timmerman Kuindersma seaget de reinpipen los en set in stik buis deroan.